Yn it lêste nûmer fan it Frysktalige, papieren tydskrift De Nije stiet in ferhaal oer De Kathûspleats yn Nes (IH), dat troch Sake Roodbergen yn Akkrum skreaun is. De natuerman yn ieren en sinen fertelt oer syn jonge jierren, doe’t er fan syn berteplek Grou de fjilden ynluts om aaien te sykjen. Se kamen foarby Snoek en ek yn de fjilden fan de Kathûspleats. ,,Rike fjilden mei fjildblommen yn alle kleur, en alle soarten fan greidefûgels: ljip en skries, mar ek tsjirk en strânljip. Fassinearjende lûden en foarmen! Sels it finen fan it nêst fan it waarlamke hearde dêr ta de moochlikheden.’’
,,It ljipaaisykjen is no histoarje. It buorkjen hat him sûnt de Twadde Wrâldoarloch op in geweldige skaal wizige. Keunstmest en ferdelgingsmiddels (pestisiden) hawwe harren yntree dien. It wetter yn de sleatten waard ferlege. De greidefûgels binne yn grutte gebieten fan Hôflân oant Lege Midden alhiel ferdwûn. It ljipaaisykjen ferdwûn mei.
Mar guon boeren yn dizze kriten wegeren en wegerje dizze saneamde fernijing. Sy besochten en besykje mei tûk buorkjen, mar sûnder keunstmest en pestisiden, en mei in soarchfâldige omgong mei de boaiem, dochs in ynkommen út de feehâlderij te heljen. By dizze boeren hearre de famyljes Voolstra en Peenstra fan it gebiet tusken Soarremoarre (‘het Botmeer’) en leechlânbeek de Boarn. Sy achtsje de wearden fan dier en plant fan harren lân sa weardefol dat se dy wurkwize oangeane.
Harren wurkjen, en de wearden dy’t dat oplevert binne sichtber makke yn in film. Gearstald troch de Grinzer natoerleafhawwer Hans Hut. Dizze bysûndere film ‘Weidevogels in de Soarremoarre-polder’ waard op woansdei 31 augustus foar in grut publyk fertoand yn it Bosk-teater, yn it kader fan de Akkrumer manifestaasje Meet me in the Forest. Net allinnich de boeren wurde sprekkend opfierd, mar ek spesjalisten fan bûten fertelle oer de easken fan de grûn en de bysûndere wize fan buorkjen. Hulde foar dizze groep fan boeren dy’t as foartrekkers besjoen wurde meie!
Hoe bysûnder wurdt dit alles yn perspektyf setten as ien dei letter, op 1 septimber 2022 de natoerorganisaasje It Fryske Gea in parseberjocht útjout mei de kop: ‘It Fryske Gea koopt Nesser stelp met weilanden’. It blykt te gean om de bekende Kathûspleats, achter Nes. Direkteur fan It Fryske Gea, Henk de Vries, lit witte dat de natoerorganisaasje de pleats mei lân kocht hat fan de Stichting Leppehiem, dy’t yn Akkrum it mienskipssintrum Leppehiem eksploitearret. Dizze stichting waard troch de lêste bewenner fan de Kathûspleats, boer Anne Sjoerd Peenstra, sûnder opfolger, beneamd ta erfgenaam. Peenstra stoar op It Kathûs op 2 juny 2020 yn ’e âldens fan 89 jier, twa dagen foar syn njoggentichste jierdei. It giet om in stjelppleats mei 40 bunder oan landerijen.
De fjilden grinzje oan de landerijen fan de boeren Voolstra en Peenstra, dy’t wy yn de film fan Hans Hut hearden. It is in hiel bysûndere en tafallige gearrin fan omstannichheden dat op dizze wize yn it streamgebiet fan de Boarn eastlik fan Akkrum-Nes in grut gebiet fan likernôch hûndert bunder agrarysk fjild ûntstean kin, dêr’t op in natoerfreonlike wize buorket wurdt.
Tekst en foto’s Sake P. Roodbergen
Lês ek: It Fryske Gea koopt Nesser stelp met weilanden
- Eksimplaren fan it lêste nûmer fan De Nije lizze by boekhannel Friso yn Akkrum