Akkrum.net

It tredde van kuorbalferiening Mid-Fryslân hat sneon 31 maaie 2025 foar de twadde kear it kampioenskip yn harren klasse op it fjild pak. Under lieding fan coach Feitze van der Hoek leverden se dizze ,,yndrukwekkende prestaasje fan dit jonge, mar tige talintfolle team''. Nei it súkses yn de bekerfinale liet de spylders op 'e nij sjen wat se yn harren mars hawwe. Dêrmei hawwe se in unyk seizoen ôfmakke, want earder wienen se ek al kampioen wurden yn de seal.

De takomst sjocht der helder út foar MF3. Yn it kommende fjildseizoen komt it team út yn de reserve oergongsklasse. Yn de seal sille se meidwaan oan de reserve 1e klasse. In nije útdaging, mar mei dit nivo fan ynset en teamspirit is der alle fertrouwen yn dat se ek dêr harren man stean sille.

Coach Feitze vander Hoek is grutsk op syn ploech: ,,Dit binne net allinnich talintfolle spilers, mar ek in echte ploech. Se traine hurd, steane foar elkoar klear en hawwe in geweldich seizoen hân.”

Op de foto it winnende team mei achter fan lofts naar rjochts Daniël van Vilsteren, Leon Sjoerdsma, Gabe Sjoerdsma, Gabe van der Kooij, DirJan Bouma en Feitze van der Hoek( trainer/coach).. Op de twadde rigele Dieuwke Popma, Iris Nijmeijer, Benthe de Jong, Emmy Rijpma, Berber van der Heide en Amarins Tuinier. Lizzend Jacob Duinstra.

Foto's: Korfbalvereniging Mid-Fryslân

 

 

Nog geen reacties.

(advertentie)