Akkrum.net

De seisde Douwe Beimers-strjitkeatsparty yn Akkrum stiet foar snein 12 juny 2022 op it programma. Dizze edysje wurdt lykas altiten op it Heechein by de Terptsjerke spile mei partoeren fan twa om twa. Yn de frije-formaasjepartij mei maksimaal ien A-spiler meidwaan. Dielnimmers meie ek út de B-klasse komme.

Troch corona binne der wat edysjes útfallen. De organisearjende keatsklub Us Keatsen hat de party foarich jier yn septimber noch keatse kind. De strjitkeatsparty fynt gewoanlik plak yn it twadde wykein fan juny, mar doe wie der in lockdown.

Nammejouwer is Douwe Beimers, de heit fan Freddy en Ekelien Beimers út Akkrum. Hij wie foar een bulte leden en âld-leden van Us Keatsen in belangryk persoan, yn’e sin van trainer/coach en een protte op paad my de jongens rjochting KNKB-wedstriden.

Yn de regel dogge sa’n sechstjin partoeren fan elk twa keatsers mei op de lytsere fjilden op strjitte. Op de gruttere fjilden op gers wurdt mei trije minsken yn in partoer spile. Der bin op strjitte ek wat oare rigels oan ferbûn: sa spylje se mei in sêfte bal ynstee fan een gewoane keatsbal. Ek meie je net yn ien kear boppe slaan en sa noch wat oare lytse dinkjes.

Skaafplakken
It spyljen op hurde klinkers liket wat gefaarliker, mar it falt yn de regel ta mei ûngemakken. Reden is dat de keatsers op in folle lytser fjild spylje en de bal folle grutter is. Op ris in skaafplak nei binne der yn de Douwe Beimerstrjitkeatsparty noch noait ûngemakken bard.

Illustratie: út de poster fan de Douwe Beimers-strjitkeatsparty

Nog geen reacties.

(advertentie)