De sânde Douwe Beimers-strjitkeatsparty yn Akkrum stiet foar snein 11 juny 2023 op it programma. Mei partoeren fan twa om twa wurdt dizze edysje lykas altiten op it Heechein by de Terptsjerke spile. Yn de frije-formaasjepartij mei maksimaal ien A-spiler meidwaan. Dielnimmers meie ek út de B-klasse komme.
Nammejouwer is Douwe Beimers, de heit fan Freddy en Ekelien Beimers út Akkrum. Hij wie foar een bulte leden en âld-leden van Us Keatsen in belangryk persoan, yn’e sin van trainer/coach en een protte op paad my de jongens rjochting KNKB-wedstriden.
Yn de regel dogge sa’n sechstjin partoeren fan elk twa keatsers mei op de lytsere fjilden op strjitte. Op de gruttere fjilden op gers wurdt mei trije minsken yn in partoer spile.
Der binne op strjitte ek wat oare rigels oan ferbûn: sa spylje se mei in sêfte bal ynstee fan een gewoane keatsbal. Ek meie je net yn ien kear boppe slaan en sa noch wat oare lytse dinkjes.
Skaafplakken
It spyljen op hurde klinkers liket wat gefaarliker, mar it falt yn de regel ta mei ûngemakken. Reden is dat de keatsers op in folle lytser fjild spylje en de bal folle grutter is. Op ris in skaafplak nei binne der yn de Douwe Beimerstrjitkeatsparty noch noait ûngemakken bard.
Illustratie: Us Keatsen