Akkrum.net

Stifting Akkrum Ald en Nij is drok dwaande mei de tarieding fan in jûn yn novimber 2023 oer de Meinesleat en alles der omhinne. It giet bygelyks om bylden en de skiednis fan de Meinesleatbrêge, Jachtwerf Oost, Wedman&Oosterbaan (de bouwers fan de Akkrumer Jol), it fuotbalfjildsje wêr’t ek kuorbaljen wie en it swimbad.

Pier van de Heide fan Akkrum Ald en Nij hat in oprop dien om alle bysûndere foto’s, tekeningen en sokssawat te dielen. ,,Wy soene dat graach liene wolle om te scannen, sadat wy dat dan ek brûke kinne. As de minsken noch in moai ferhaal fan ien fan dizze ûnderwerpen hawwe, dan wy soene it graach hearre wolle. Bygelyks, wa wit wa de brêgewippers nei De Hey wiene?’’

Under syn Facebookberjocht krige Van der Heide fuort al reaksjes. ,,Sake Brander was de brugwachter na De Heij en Oebele de Ruiter draaide de brug als Sake vrij was’’, fertelt Rinske de Jong-Brouwer, dy ek wit dat de brêge doetiids fan Rykswettersteat wie en letter nei de gemeente Boarnsterhim oergong.

  • De Facebook-oprop is op dizze link te finen.
  • Mear ynformaasje op Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.
  • Mear oer de Akkrumer Jol by it Fries Scheepvaartmuseum yn Snits.

Foto's: Stifting Akkrum Ald en Nij

Nog geen reacties.

(advertentie)