Der is altyd in soad flecht op ‘e koai, dat: Kom op tiid, want fol = fol
De Stifting Akkrum Ald en Nij organisearret Akkrum organisearret op woansdei 6 novimber 2024 har jierlikse Stipersjûn yn de grutte seal fan Mienskipssintrum Leppehiem yn Akkrum. De jûn begjint mei ‘In slach troch Akkrum’, in plaatsje mei in praatsje mei dêryn âld-Akkrumers.
Nei it skoft is de presintaasje “C. B. van Woerden: Fan oaljestamperij oant tsiiseksport en greathannel” fan Jan Eijzenga. Hy hat yngeand stúdzje makke fan dit yndrukwekkende famyljebedriuw. Jierrenlang hat Van Woerden it gesicht fan de Galemaleane yn Akkrum bepaald. De grutte pakhuzen tsjûgje dêr no noch fan. It ferhaal komt mei in soad byldmateriaal.
De jûn begjint om 19.30 oere. Stipers fan Akkrum Ald en Nij hawwe frije tagong. Minsken dy’t noch gjin binne stiper en dit ferhaal fan Van Woerden en de ‘Slach troch Akkrum’ mei âld-Akkrumers meimeitsje wolle, kinne oan de seal fan Leppehiem stiper wurde.
- Mienskipssintrum Leppehiem, Akkrum
- Stiper wurde jo foar in bedrach fan minimaal 8,50 euro yn it jier.
Foto: Argyf Stifting Akkrum Ald en Nij