Dizze foto fan de kapper fan de famylje Arendsz oan 'e Buorren yn Akkrum is mooglik fan omtrint 1950. De minsken dy op de foto stean soene (lofts) Jopie Rorije wêze kinne, want dy hat wurke by Arendsz yn 'e húshâlding. Wa de oare minsken binne, is noch ûndudlik, mar soe ien fan de twa dochters (Annie of Roelie) fan Arendsz wêze kinne. In moai ferhaal dat nei boppe kaam is fan Roel de Jong. Hy skriuwt dat er ek sigaretten ferkocht waarden foar 75 sinten troch frou Arendsz. Jo koene se dêr fuortendalik opstekke, want der stie in brander mei flamke op ‘e toanbank.
Wa't mear oer dizze foto fertelle kin, mei wol kontakt mei Stifting Akkrum Ald en Nij opnimme±
Foto's: Stifting Akkrum Ald en Nij
Soene de frou en it jonkje (rjochts) misskien klanten weze kinne?