Akkrum.net

Stifting Akkrum Ald en Nij is drok dwaande om mear ynformaasje te garjen oer de beropsfiskery yn Akkrum en Nes. Twa beropsfiskers wiene Haye Siksma en Jentsje van Es, mar neffens Pier van der Heide fan de stifting binne der miskien wol mear.


In moaie anekdoate is wolkom. En hoe wie de namme fan de wetterhûn fan Haye Siksma, wol er graach witte. Op de foto it fiskaakje fan Haye Siksma, dat hjir warskynlik oan de Leppedyk leit. Wa't dêr mear oer fertelle kin, mei wol kontakt opnimme mei de stifting Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken..

Foto: www.akkrumaldennij.nl

Nog geen reacties.

(advertentie)