Sa’n fyftich minsken kamen sneintemiddei 30 july 2023 del yn de Lantearne Tún foar ferteller Stephan de Jong út Aldemardum. De emeritus dûmny en skriuwer fertelde oer de sân wiisheden, dy’t er taljochte mei ferhalen út alle godstsjinsten en libbensoertsjûgingen. Minsken út alle kulturen ha der mei te krijen. De Jong, dy’t oansluten is by de kring van Fryske vertelklers, kaam mei ferhalen út Japan, Sjina, fan Boeddha, út ‘e bibel, fan de Islam en mear.
De rein drige op dizze sneintemiddei en nei in bui gongen de harkers nei binnen. Yn it sealesintrum De Lantearne ferhaalde Stephan de Jong fierder. Dat docht de nije dûmny Ageeth de Vries fan de Protestantse Gemeente Akkrum oer fjouwer wiken ek. Se komt op snein 27 augsutsu 2023 te fertellen. Har ferhalen wurde omliste mei muzyk.
- Snein 27 augustus 2023 15.30 oere Lantearne Tún, ds. Ageeth de Vries
Foto's: Doarpskeamer Akkrum-Nes