In kompleet grien dekôr, alle spilers yn griene klean en de titel Griener Gers, de oanwêzigen yn ‘e Utingeradielhal yn Akkrum koene der sneontejûn 25 febrewaris 2023 net omhinne: by in oar liket it altiten better, mar dat hoecht net altiten sa te wêzen. Op útnoeging van Dreamteater Akkrum spile it Grouster Kritetoaniel it stik Griener Gers. It boadskip wie helder: alles yn de wrâld betreklik is.
August de Jong, Henny van der Hei, Rixt Dijkema en Herman Tichelaar spylden yn harren rol as twa bourlju-stellen de komeedzje, dy’t troch Anja Steegstra skreaun en regisearre waard. It dékor is makke troch Klaas de Boer en Jouke Poortman; de lêste is sawol by de toanielklubs yn Grou as Akkrum aktyf. It wie efkes sykjen mei it lûd yn de grutte romte fan de sporthal, mar mei tank oan Sjoerd Schotanus en Wieger Rinsma wie it oeral goed te hearren. Rûchwei 160 minsken kamen op de komeedzje ôf.
Foto's: Noordoost.nl/Alex J. de Haan