Akkrum.net

De Lêskoffer mei tsien Frysktalige boeken wurdt fuortendaliks al op de basisskoallen yn Akkrum brûkt. ,,It inisjatyf fan de gemeente It Hearrenfean slút moai oan by ús oanbod fan printe- en lêsboeken, dat wy jierliks útwreidzje’’, seit direkteur Henk Hooiveld fan OBS Akkrum. De Lêskoffer wurdt jierliks troch de Algemiene Fryske Ûnderrjocht Kommisje (Afûk) yn Ljouwert gearstald en útjûn.

Krekt as de Ds. Hasperskoalle krige OBS Akkrum de koffer tiisdei mei de Businesspost fan Caparis besoarge. ,,Wy hawwe ‘m fuortendalik yn de boppebougroepen meinaam’’, fertelt direkteur Henk Hooiveld fan OBS Akkrum. Alle tritich skoallen yn de gemeente It Hearrenfean ha de Lêskoffer krigen. In kadootsje fan de gemeente, dy’t de Fryske taal stimuleare wol.

De Lêskoffer komt op in momint dat OBS Akkrum foar it taalplan Frysk 2030 krekt wer de status A krigen hat. Op skoalle wurdt it gebrûk fan de Fryske taal posityf benadere. Der wurdt Frysk praten, skreaun en lêzen, fertelt direkteur Hooiveld. Soks begjint al yn groep ien en twa. Juffen, masters en oar personiel steane de bern yn harren memmetaal te wurd. In ferplichting om Frysk te praten is der net. Bern moatte al meidwaan kinne en it moat ek aardich wêze om te dwaan, ferklearret Hooiveld.

Yn de hegere groepen wurdt op kreative wize mei it Frysk omgien. Soks bart mei boeken, dy’t de bern dan krije, of lykas earder dit jier mei in ferkeapadvertinsje foar in hûs: dy wie yn it Frysk. ,,Wy hawwe in tal Frysktalige boeken om yn te sjen of te lêzen. Elk jier wreidzje wy dit oanbod fan printe- en lêsboeken út. It inisjatyf fan de Lêskoffer slút hjir moai op oan . Boppedat is it in spannende presintaasje fan it boek. Yn de earste groep waard wurke mei “P is fan Piba”, dêr’t alfabetysk Fryske bistewurden yn beneamd wurde.’’

Foto: IBS Akkrum

Juf Djoke Cuperus iepent de Lêskoffer mei tsjien Frysktalige boeken220308 Akkrum OBS Leskoffer Juf DjokeCuperus

220308 Akkrum OBS Leskoffer PfanPiba 1000

220308 Akkrum OBS Leskoffer HedenHidske

Nog geen reacties.

(advertentie)