Akkrum.net

Sjonger Frerik de Swetser út Akkrum hat sawol in Nederlânsktalige as Frysktalige ferzy fan syn nûmer “Gewoan Gewoan!” útbrocht. De fideoklip is foar in part yn Akkrum opnommen en lit in bulte Akkrumers sjen, dy’t op ien of oare manear figureare. De beide klips binne freed 7 oktober 2022 om 13.00 offisjeel lansearre.

Frerik Samplonius, sa as er yn it deistich libben hiet, is yn Fryslân mei de relative mega-hit “Iderien wurdt bekend, behalve ik” bekend wurden. As outsider slagge er der yn om yn 2016 mei dit nûmer it tredde plak fan de Fryske top 100 te heljen. ,,Mei myn nije nûmer wol ik in oar lûd yn de tiden fan woke, linkse praatsjes en polityk korrekt gedoch hearre litte’’, aldus Frerik Samplonius.

De opnames foar de klip binne ûnder oare in kafee Onder de Linden yn Lúnjebert en by in kapper yn Grou makke. Tekst en muzyk fan Gewoan, Gewoan! binne fan Arie Kuipers, dy’t yn it duo Zware Jongens meisjongt en spilet. De oare helte dêrfan, Fokko Dam, sjongt yn it eftergrûnkoarke mei. De klip is makke troch Jorrit Meinsma mei syn eigen produksjebedriuw. Dylan van der Feen fan The Office Studio by BME Bookings produsearde it ferske.

Foto's: Frerik de Swetser

Nog geen reacties.

(advertentie)