De Folkpolitie hat snein 6 septimber in sfearfol optreden fersoarge yn de Lantearnetún yn Akkrum. It konsert wie ûnderdiel fan de rige simmeroptredens yn de tún. It waar spile mei: it bleau droech en by in temperatuer fan goed tweintich graden koe it publyk noflik yn de iepen loft genietsje.
Greetje, Bauke en Sien de Groot en Hinke Wolhuizen songen in grut tal bekende ferskes prachtich mearstimmich. Bauke fersoarge de begelieding op gitaar. Mikrofoans en fersterkers wiene net nedich; ek efteryn de tún wiene de stimmen goed te ferstean.
It ôfwikseljende repertoire brocht de besikers fan In the Jungle fia de Beatles nei Kalifornië. De verdronken vlinder fan Boudewijn de Groot soarge foar pikefel, wylst it publyk by De Diligence folop meisjonge koe.
Nei de tee en kofje, mei giele framboazen derby, gie it programma fierder mei ûnder oaren Butterfly en songfestivalwinner De troubadour. Ek Avond fan Boudewijn de Groot, songen troch Bauke de Groot, wie in feest fan werkenning. It Fryske It feintsje fan Menaam kaam yn de iepen loft hiel moai mearstimmich ta syn rjocht.
De Folkpolitie sleat ôf mei Opzij, opzij, we hebben ongelofelijke haast. De santich besikers hiene lykwols gjin haast om fuort. Mei in daverjend applaus betanken se de fjouwer sjongers foar in tige slagge muzikale middei.
Tekst en foto: Rein Huitema
Foto's: Noordoost.nl/Alex J. de Haan
