De Lantearnetún yn Akkrum krijt op sneintemiddei 5 july 2026 in Frysk karakter mei in optreden fan fertelster en muzikante Pyke Kroes út Terherne. Sy nimt de besikers mei yn in middei fol ferhalen, skiednis en muzyk.
Sintraal stiet in fertelling oer de wettersneedramp dy't Aldeboarn yn 1825 plaf fûn en yn it deiboek fan Lieuwe Jans de Jong, boer út Aldeboarn, wurdt beskrean. Dêrnei fertelt Kroes it ferhaal fan Lampke, de dochter fan de fjoertoerwachter. Tusken de ferhalen troch bringt sy muzikale yntermezzo's - mei stipe fan muzikant Carel van Leeuwen -, dy't de sfear fan de fertellingen fersterkje.
Pyke Kroes is oansletten by Vertellers in Fryslân en stiet bekend om har byldzjende fertelstyl. Mei har fertellingen bringt se personaazjes en barrens ta libben, wylst muzyk in wichtige rol spilet yn har optredens. Sa ûntstiet in kombinaasje fan ferhaal en muzyk dy't jong en âld meinimt yn de wrâld fan doe en no.
De gearkomste begjint om 15.30 oere yn De Lantearnetún oan de Boerestege 1 yn Akkrum. By min waar wurdt útwykt nei sealesintrum De Lantearne. De tagong is fergees. In jefte nei ôfrin wurdt op priis steld. De middei wurdt folslein yn it Frysk fersoarge.
Foto's: Noordoost.nl/Alex J. de Haan
