Akkrum.net

It optreden fan a-kapellakoar Melomanie op snein 29 septimber 2024 paste tige yn de Lantearnetún yn Akkrum. It wie puur, mei al dy stimmen sa moai troch inoar, it wie as in boeket blommen.

De sechstjin sjongers begûnen mei itwolkomstlied fan de Aboriginals, Abeeyo (“Fijn dat je er bent”). Ek wienen der twa arrangementen fan Paul McCartney en John Lennon. Foar ‘t skoft wie de Sambadûns üt Súd-Amearika.

Nei it skoft mei thee, kofje en in kuier troch de tún krigen wy in stikje Bach, Afrikaanske en Keltyske musyk. Oan de ein gongen wy mei in positive boadskip nei hûs mei: “You are the new day” oer de hoop dat alle ellinde foarby giet.

Der wienen wer in protte minsken. Wy ha mei syn allen in hiel noflike middei hân. (RH)

Foto's: Noordoost.nl/Alex J. de Haan

Nog geen reacties.

(advertentie)