Akkrum.net

Omrop Fryslân giet sneon 11 novimber 2023 foar it earst wer mei de Hea!-caravan op paad en komt fuortendaliks in dei lang yn Akkrum. De programmamakkers strike del op de Tsjerkebleek. De rappe reporters geane dêr mei de ûnderwurpen oan de slach, dy’t de minsken dêr sels bringe kinne. Elkenien kin lâns komme mei in tip, moai ferhaal of suggestje foar in interview mei in bysûnder persoan.


De ferslachjouwers fan Hea! besykje dêr deselde dei noch in reportaazje fan te meitsjen, dy’t dan op Omrop Televyzje útstjoerd wurdt. Foar eltse goeie tip ha se in aardichheidsje beskikber. En komt in ferhaal op telefyzje, dan falt der foar de tipjouwer Hea!-breabakje te winnen.

Yllustraasje: Omrop Fryslân

Nog geen reacties.

(advertentie)