Akkrum.net

De nijste natoergids fan Sake Roodbergen út Akkrum is ferskynd. De titel is dizze kear Gerzen, Siggen en Rusken, allegearre gersachtige planten. ,,Myn doel is om de tsien fol te meitsjen mei in natoergids oer wylde Orchideeën’’, fertelt Roodbergen, ,,Yn myn belibbing binne dat de 'kroanen op de floaristyske skepping'. Ik kies der yn dizze gids foar om de wylde orchideeën fan it noardwesten fan Europa as ûnderwerp te nimmen. Elke soart sil dan twa siden krije sadat der mear romte is foar foto's.’’

De nijste natoergids ynformearret oer saken oangeande de trije gersachtige plantegroepen Gerzen, Siggen en Rusken. Der steane foto's fan goed sechstich gerssoarten, fan de 63 siggesoarten en de 24 ruskesoarten, dy't yn Nederlân foarkomme. Roodbergen fertelt yn de soartbeskriuwingen oer de bysûnderheden fan dizze trije groepen en ek it biotoop en de bloeitiid fan elke soart. De gids jout yn de yndeks alle nammen: de Fryske, de Hollånske en de wittenskiplike en neamt literatuerlistkes en wiist op wichtige websiden foar fierdere ynformaasje.

It is de njoggende natoergids fan it jier 2005 ôf; doe ferskynde Fûgels. Dy natoergids kaam yn in soad Fryske hûskeamers telâne troch de ledewerfkampanje fan de natoerferiening It Fryske Gea. Dy organisaasje brûkte it nije natoerboekje yn in ledewerf-kampanje ta gelegenheid fan it 75-jierrich bestean yn dat jier.

Illustraasje: de omslach fan de nijste natoergids Gerzen, Siggen en Rusken.

Nog geen reacties.

(advertentie)