Akkrum.net

De protestantse gemeente Akkrum-Nes stelt op snein 27 augustus 2023 stelle har nij dûmny oan de mienskip fan beide doarpen en omkriten foar. Tidens de eitsje dy middei kennis mei ds. Ageeth de Vries. ,,Wy wolle iepen tsjerke wêze, dat dogge wy al yn gearwurking mei jeugdwurk, de doarpskeamer, sosjaal wurk, de voedselbank, flechtelingen, aktiviteiten en De Lantearne Tún.

Der is in muzikale omlisting mei gitaar en sang fan Tsjebbe Andringa. Dêrnei fertelt ds. Ageeth de Vries oer har libben, wurk en gesin. Dêrnei is der muzyk fan Jappie Bijlsma en Teake Gras op akkordeon.

Nei it skoft mei kofje, tee en efkes bijprate is der muzyk fan Robert Blaakmeer op saksofoan. Dêrnei fertelt ds. Ageeth de Vries oer har reizen en it leauwen. De middei wurdt ôfsluten mei sang fan Fimke Wind.

  • Eltsenien is wolkom.
  • Snein 27 augustus 2023 15.30 oere.
  • Lantearne Tún, Boerestege Akkrum. By min waar is it yn it gebou de Lantearne.
  • Entree is fergees, in lytse bijdrage foar de kofje, tee en tún is wolkom.
  • Ut namme fan de Protestantse Gemeente Akkrum, de wurkgroep Lantearne Tún en Doarpskeamer Akkrum-Nes

Foto: Protestantse Gemeente Akkrum-Nes

Nog geen reacties.

(advertentie)