Natuerfotograaf Marcel van Kammen út Hurdegaryp praat freedtejûn 15 maart 2024 oer syn wurk foar Fûgelwacht Akkrum. Leden en oare belangstellenden komme dan wer by elkoar foar de jierlikse ledengearkomste. Van Kammen sil dan syn moaiste natuerfoto’s sjen litte. Hy wurket ûnder oare foar de Leeuwarder Courant en hat mei syn foto's ferskate prizen wûn. In 2022 waard er útroppen ta natuerfotograaf fan it jier. Hy wûn de Groene Camera, de wichtichste priis foar natuerfotografy yn Nederlân.
Foarôfgeand oan de ynlieding fan Van Kammen sil der praten wurde oer de suksessen en bedriegings, wêr 't it greidfûgelgebiet mei te krijen hat. Bygelyks it sukses fan it gebrûk fan de drone by it rêden fan greidfûgels en wyld. Mieningen sille dield wurde oer wat te dwaan om katten út it lân te hâlden yn it foarjier.
Eltsenien is wolkom opfreed te jûn om 20.00 oere yn de boppeseal fan Eetcafé Kromme Knilles yn Akkrum.
Foto's: Marcel van Kammen