De besikers oan fertelmidje yn de Lantearne Tún yn Akkrum hawwe it de lêste snein fan septimber 2022 o sa troffen. De minne waarsfoarsizzing kaam net út, mar boppe al waarden se traktearre op in pear moaie ferhalen fan trije doarpsgenoaten. Doarpskeamer Akkrum en Protestantse Gemeente Akkrum tinke der oer om yn de simmer fan 2023 wer in searje ferhalemiddeis op de lêste snein fan de moanne te organisearen. Safier is it noch net. Doarpskeamer Akkrum begjint yn oktober wol mei in Zing-In: op de lêste sneintemiddei fan de moanne kinne minsken meiïnoar sjonge.
De lêste ferhalemiddei fan dizze simmer hie as titel “Tiden hawwe tiden”. Hennie Sixma fertelde it ferhaal fan de earste tsien jier fan har mem, dy’t hûndert jier lyn opgroeide op in skûtsje. Sy kamen faak yn Akkrum, as sintraal plak tusken de marren. Har beppe seach it prachtige Coopersburg en it wie har djippe winsk om har dêr ea ta wenjen te setten.
Yn har dream, sa fertelde se, komt se ek yn it roefke fan it skûtsje fan eartiids en sjocht wat sy yn it hûs fan no allegearre wol ha. ,,Ik sil no altyd oars nei in skûtsje sjen. Foar my wie it in fakansjeskip, mar dat er in hiel gesin op wenne…’’ Sy beslút har selsskreane ferhael mei: ,,Ik sjoch de fûgels omheech fleanen en freegje my ôf werom minsken dit oait stikken makke hawwe om myn hûs dêr del te setten, en hûnderten oaren. Ik gean yn it kribelige gers lizzen.’’
Folkert Kuipers
Nei it skoft fertelde Anne Dykstra, taalkundige en histoarikus, oer de Big Store yn New York fan Folkert Kupers, Akkrumer om ûtens. It wie in 1896 it grutste warehûs yn de wrâld mei dik trijetûzen minsken oan persoaniel. Hy is der sels al in kear yn west en docht ek ûndersyk na fan alles wat mei Kupers te krijen hat. De gruttens fan syn store is hast net te befetsjen, sei Dykstra.
In gids fan doedestiids, dy’t de Akkrumer tidens syn speurtochten fûn hie, joech oan hoe Folkert Kuipers alias Frank Cooper syn tiid sa foarút wie. Yn 1900 makken sy reklame mei grutte skynwerpers op de fjoertoer op harren Big Store al reklame op ‘e wolken. Yn de winkel sels wie gjin nee te keap. Minsken waarden ferfierd mei elektrische liften nei de ferskate ferdjippingen. Hy betocht toeristyske routes troch syn warenhûs, want sa tocht er: ‘sjen docht keapjen’.
Foto's: Noordoost.nl/Alex J. de Haan