Akkrum.net

Nei twa jier fan twongen stilte hâldt de stifting Akkrum Ald en Nij op woansdei 9 novimber wer in iepenbiere jûn. ,,It is einliks wer safier dat it kin en mei. Wy ha der sin oan’’, fertelt bestjoerslid Pier van der Heide. De jûn begjint om 19.30 en is yn de grutte seal fan Leppehiem yn Akkrum.

Anne Dykstra iepenet de jûn mei in ferhaal oer skiednis en symbolyk fan it mausoleum yn de tún fan Coopersburg yn Akkrum, dêr’t de stoflike omskotten fan ‘e stichter fan Coopersburg en syn frou lizze. Dykstra sil dêrby ek fertelle oer de ûntdekkingen dy’t by de restauraasje fan it mausoleum yn 2021 dien binne. By de restauraasje binne û.o. de dekplaten fan ‘e tombes lichte. Foar it earst yn 115 jier koene we yn de tombes sjen. Dykstra sil dêr unike bylden fan fertoane.

Yn it skoft is der gelegenheid om by in bakje kofje of tee mei koeke even by te praten, of in koart filmke oer âld Akkrum te besjen.

Nei it skoft fertelt Anne Dykstra oer in fynst dy’t er yn in online Amerikaansk argyf dien hat oer de grutte department store fan Siegel en Cooper yn New York. It giet om in gids foar New York, útjûn troch Siegel en Cooper, dêr’t de ‘most magnificent Store’ yn oanpriizge wurdt as ien fan ‘e grutste attraksjes fan de wrâldstêd. De gids jout net allinne in moai ynsjoch fan hoe’t it yn ‘e winkel om en ta gong, mar ek in yngeand byld fan alles wat oft der yn harren kapitale winkel te keap en foaral ek te sjen wie. En dat wie net in bytsje.

  • Stipers kinne fergees nei binnen. Net stipers kinne stiper wurde of kinne foar fjouwer euro nei binnen.

Foto's: Stifting Akkrum Ald en Nij

DIA JUN2DIA JUN3

Nog geen reacties.

(advertentie)