Akkrum.net

It keunstwurk dat Mardjantie Kneefel ynstjoerd hat.

Foar de keunstrûte Slach troch Akkrum 2023 hawwe harren 59 minsken opjûn. De wurkgroep is tige op skik mei dat oantal, want ,,der binne sa’n fjirtich plakken te ferjaan. Dan hat de kar-kommissje ek noch wat te kiezen’’, seit wurdfierder Bert Wedman. Hy fynt dat dit jier wol in lêstich tema keazen is, want ,,betink mar ris in byld by duorsumens’’.

Al mear as tweintich keunstners hawwe harren wurk ynstjoerd en ,,dan sjoch je in grut ferskaat yn oanpast fan dit tema.’’ De minsken dy’t harren oanmeld hawwe, hawwe noch oan’t heal febrewaris de tiid om wurk yn te leverden. De karkommisje sil dan oan it wurk moatte. Komt fêst goed.’’

Illustraasje: Mardjantie Kneefel

 

Nog geen reacties.

(advertentie)