De Lantearnetún yn Akkrum wie snein 7 juny it dekor foar in muzikale middei mei it sjongduo Nanne Kalma en Ankie van der Meer. Yn in tún fol bloeiende margriten, figen, jasmyn en priknoazen namen sy it publyk mei yn in programma mei lieten dy't ticht by de minsken komme en ferhalen fertelle.
Der waard songen oer bysûndere dagen dy't nea weromkomme, oer fûgels dy't sweve op de wyn foar frede en oer de sâlte hearring. Ek kamen fjouwer kikkerts foarby, mei útlis yn it Esperanto en mei gebaren, en wie der in liet oer in mokkeltsje dat har ôffreget wat se oan moat mei de fragen fan har frijer.
Ek de fiskers en de froulju dy't op de wâl stean krigen in plak yn it programma. Mei byldmateriaal waard fierder stilstien by de Ofslútdyk en by it ferhaal fan in frou op bleate fuotten. De middei waard ôfsluten mei in knypeach nei de simmer- en wintertiid, dêr't in minske soms aardich fan yn 'e war reitsje kin.
De besikers genoaten fan in ôfwikseljend programma yn in prachtige túnsetting, dêr't muzyk, ferhalen en natuer moai byinoar kamen.
Foto: Nanne en Ankie
