It Akkrumer Dreamteater wol mear jûnen mei bygelyks toanielproduksjes fan oaren organiseare. As earste komme de akteurs Jan Arendz en Marijke Geertsma oan bar. Se spylje it stik “Echt Wier” op sneontejûn 15 oktober 2022 yn de Utingeradeelhal yn Akkrum. ,,Mei harren hellest fansels minsken mei naam en faam nei ús doarp’’, fertelt Kees Middendorp fan de It Dreamteater yn Akkrum.
De opset foar de jûnen fan it Dreamteater sil breed wêze en foar elkenenien tagonkelik. ,,De stikken dy’t nei Akkrum helle wurde, komme út it hiele kulturiele spektrum. We tinke oan musyk, teater, film of wat dan ek.’’
Njonken eigen produksjes, dy’t der wer oan sitte te kommen, arbeidet it Dreamteater ek op mei oare ferienings en ynstellings yn Akkrum. It FlowerPowerFestival op 27 augustus 2022 is dêr in foarbyld fan. It strjitteater krijt in wichtige rol dy dei. It Dreamteater naam it inisjatyf foar it festival. ,,It wurdt in spektakel fan formaat.’’ Dy opset makket it nedich dat It Dreamteater help krijt, yn dit gefal fan fjouwer organisaasjes út Akkrum, te witten Doarpskeamer Akkrum, Akkrum/Nes Centraal, de Merkekommisje en ûndernimmersferiening VOAN.
Illustraasje: J & M Teaterwurk