Akkrum.net

Sa’n 160 bern kamen freedtemiddei 31 maart 2023 nei sealesintrum De Lantearne yn Akkrum om in Palmpeaskestok te meitsjen. It wie in drokte fan jewelste mei alle memmen, heiten, pakes, beppes en oare begelieders, dy’t de bern helpten by harren wurk. De sels bakte breahoantsjes en krinteboltsjes krigen in plakje op de stok, dy’t fierder mei slingers, buxus, eikes, flachjes en fan alles opsierd waarden.

De earste bern kamen De Lantearne al binnen doe’t de organisaasje noch mar krekt alles klear setten hie. Yn in omsjoch rûnen alle romtes fol mei bern; net allinnich yn de grutte en lytse seal, mar ek yn de gang, wêr ek ferskate tafels stienen. Skitterende kreaasjes waarden der makke. De ien makke in moaie Palmpeaskestok, de oar in Palmpeaskekrús.

,,We binne altyd wer benijd, mar ek altyd wer ferrast hoefolle bern der wer op ôfkomme’’, fertelt Nynke Bergsma fan de Palmpeaskekommisje van Akkrum/Nes Centraal, ,,Dat is altyd wer prachtich om te sjen, mar ek hiel moai hoefolle frijwilligers ús wer holpen hawwe. Dêr kinne wy net sûnder.’’

Foto's: Pier van der Heide

230331 Akkrum Palmpasen stokkenmaken 3230331 Akkrum Palmpasen stokkenmaken

Nog geen reacties.

(advertentie)