Akkrum.net

'Broodhaantjes bakken ' bij ús ' e warme Bakker Boonstra. Krekt nei 14 oere wienen de earsten der al en binnen in heal oere stie de hiele bakkerij fol mei allegearre bern. Fan 1 jier oant in jier as 10. Mei heiten, memmen, beppes en de ferskate berneopfangen. Djip ûnder de yndruk fan de grutte bakkerij.

It wie wer in prachtich barren. Earst waard de bern in gleske ranja oanbean, want it kostet natuerlik wol de nedige enerzjy om sa 'n moai breahoantsje te meitsjen. Mar se waarden lokkich holpen troch ferskate jonge bakkers yn oplieding. No, dat kaam hielendal goed. Doe se klear wienen kamen de breahoantsjes op bakpapier mei harren foar- en efternamme der op.

Nei it rizen wurde se troch de bakker bakt en moarn allegearre ynpakt troch frijwilligers. Moarn nei skoaltiid kinne de bern se dan by de bakker ophelje. En dêrnei troch nei De Lantearne wêr de workshop Palmstokken fanôf 14.15 oant 15.30 is. Alle materialen, breahoantsjes, krintebroadsjes, snobbersguod binne oanwêzich om in moaie Palmstok as Palmkrús te meitsje . We meitsje der wer in prachtige middei fan!

Tekst: Nynke Bergsma
Foto’s Pier van der Heide

 

Nog geen reacties.

(advertentie)