Akkrum.net

It oekumenysk platfoarm Stifting Krúspunt organisearret op sneon 20 april 2024 in saneame Krúspuntdei yn sealesintrum De Lantearne yn Akkrum. De klup is de fuortsetting fan it Kristlik Frysk Selskip, dat fan 1908 oant 2008 aktyf wie. Ien fan de sprekkers is de Akkrumer dûmny Ageeth de Vries, dy’t oer har ûndersyk nei twatalichheid yn de tsjerke fertelt. Se hat sjoen hoe of’t it brûken fan mear as ien taal yn ien tsjerklike gemeente foar de minsken útwurket.

Yn it moarnsprogramma fertelle Tytsje Hibma, ds. Gerda Keijzer en Catrinus Corporaal oer de fuortgong fan de kursus ‘Leauwe yn Fryslân 2015-2024’. Muzikale meiwurking is der fan Geart van der Heide en it Huzumer Kwartet.

  • Sealesintrum De Lantearne 10.00-15.45 oer

Foto's: Noordoost.nl/Alex J. de Haan

🎅 Deel uw kerstwens:

Uw kerstwens wordt op deze website getoond aan onze lezers. Gratis voor particulieren, anders 30 euro ex btw.

Vul hier een kerstwens in van maximaal 130 tekens
Vul hier een naam / namen in
Klik op het rondje zodat het groen wordt.
  lees alle kerstwensen >>