Goed sechstich besikers kamen snein 5 july 2026 ôf op it optreden fan fertelster Pyke Kroes en muzikant Carel van Leeuwen. Troch de miezer waard útwykt nei sealesintrum De Lantearne. Dat die de sfear gjin kwea: de ferhalen en muzyk kamen dêr krekt sterk ta har rjocht.
De middei begûn mei in ynlieding oer hiel âlde ferhalen oer krûden, dy’t troch de ieuwen hinne trochferteld binne. Dêrnei fertelde Kroes in histoarysk ferhaal oer de wettersneedramp yn en om Aldeboarn yn 1825. Ek de malaria dy’t yn dy tiid yn it gebiet tasloech, kaam yn it ferhaal oan bod.
Yn it skoft wie der omtinken foar de Lantearnetún sels. De besikers koene genietsje fan de krûden yn de tún en fan krûdetee.
Nei de pauze folge it spannende ferhaal oer Lampke, de dochter fan de fjoertoerwachter. Carel van Leeuwen fersterke de spanning mei lûden fan de see en it meunster ûnder it bêd. De foarstelling waard ôfsluten mei twastimmige fluiten en in moai ferske.
Sa waard it, nettsjinsteande de rein, in yntime middei dêr’t ferhalen, muzyk en de Lantearnetún moai byinoar kamen.
Tekst en foto's: Rein Huitema
