De kursus Frysk yn de Doarpskeamer Akkrum-Nes kriget dit winterskoft in ferfolch. Ald-wurdboekskriuwer by de Fryske Akademy, Anne Dykstra, jout lykas yn de earste edysje tsien lessen, wêr’t er mei de dielnimmers alle staveringsregels bydel giet.
Yn de kursus jout er ek omtinken oan faak foarkommende Hollânske ynslûpsels. ,,Jo leare dus net allinnich om jo taal te skriuwen, jo Frysk wurdt der ek noch gever fan’’, seit Dykstra. De kursus is moandeis en begjint op 18 septimber 2023.
- Opjaan en ynformaasje fia
Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. .
Foto's: Noordoost.nl/Alex J. de Haan