Akkrum.net

In bysûndere deiflinter is op sneon 14 juny 2025 by Akkrum sjoen. Op in Finnestikel (de Akkerdistel) lâns de noardkant fan De Boarn hawwe Sake en Anneke Roodbergen de Distelflinter waarnommen. De deiflinter oerwintert ten suden fan de Sahara yn Afrika en trekt dêrnei dan nei ús lân. Op dizze fiere reis hat de flinter wol fiif kear in gedaantewiksel (metamorfoaze).

,,It is altyd in ferrassing om dizze moaie, mar net sa gewoane deiflinter te sjen. Sûnt koart is bekend dat de Stikelflinter op syn tocht nei it noarden ta op syn minst fiif kear fan gedaante wikselt! Dêrmei nimt dizze deiflinter in hiel bysûnder plakje yn binnen syn groep.’’

As guon fan de lêzers ek in Stikelflinter sjogge, dan soe ik dat graach efkes hearre, mei it plak der by. Myn mailadres is: Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken..

Tekst en foto’s: Sake P. Roodbergen.