Akkrum.net

De Amerikaanske Donna Hawk út Seal Beack (VS, Californië) en har âlde skoalfreondinne Jill Newburg út Scottsdale (VS, Arizona) brochten moandei 19 septimber 2022 in besite oan Akkrum. Se heart ta de neiteam fan Folkert Kuipers, de stichter fan wenkompleks Coopersburg. It is har oerpake, syn soan Charles is har pake.

Aaltsje Siesling en Anne Dykstra hawwe harren in rûnlieding troch Akkrum jûn, dêr’t ûnder oare stilstien waard by Folkert Kuipers syn âldershûs en it plak dêr’t syn bertehûs ienris stie. Ut soarte stie der ek in besite oan ‘e regintekeamer fan Coopersburg en it mausoleum yn ‘e tún fan Coopersburg op it programma. De besite oan Coopersburg en it mausoleum wie benammen foar Donna hiel bysûnder en bytiden ek emosjoneel. Tige optein oer de ‘beauty’ fan Akkrum reizgen beide froulju wer nei harren hotel yn Amsterdam.

Foto: Anne Dykstra