Akkrum.net

Bouwe de Boer (foaroan yn de midden) en Sake Roodbergen (achteroan) binne o sa bliid mei harren earste plak.)

Twa Akkrumers hawwe by it Grut Frysk Diktee harren eigen natoergroepke mei oan de earste priis holpen. Sake P. Roodbergen en Bouwe de Boer soargen der foar dat harren oantal flaters leech bleau. Yn de Steateseal fan it provinsjehûs yn Ljouwert hie it ploechje yn totaal 127 missers. Mei in gemiddelde fan 21 en noch wat wie dat it minste oantal fan de seis groepen, dy’t meidiene. De tekst fan it diktee wie yn opdracht fan Omrop Fryslân skreaun troch Alvedestêdetochtfoarsitter Wiebe Wieling en siet fol wurden oer snie, iis en reedriders.

Sa bliid as in protter wiene Roodbergen, De Boer en harren ploechmaten nei ôfrin. Se foelen mei harren knalgiele t-shirt op yn it fermidden fan de oare dielnimmers. Se hiene harsels de namme Protters jûn en op it shirt de namme en ek in ôfbylding fan in protter sette litten.

Uteinlik winner by de yndividuele dielnimmers waard Rikele Hollema uit Easterein. Fjouwer flaters hie der. Hy hie al earder meidien en waard twadde en meardere kearen tredde. By de groepen hiene De Heegemer Dekdweilers in gemiddelde fan 31, wylst de groep mei rayonhoofden mei gemiddeld 37 flaters de man as tredde einigen.

Foto's: still út reportaazje Omrop Fryslân/foto ûnder: Annelies van der Goot

De natoersaakkundigen klear foar de start. De Akkrumers Bouwe de Boer (rjochts foaroan) en Sake Roodbergen binne der klear foar.250409 GrutDiktee SakeRoodbergen c AnneliesvanderGoot

Nog geen reacties.

(advertentie)