Wat is de reden om mei sa’n sprekoere te begjinnen?
,,Ik bin in foarstanner fan frijwilligerswurk. Sadwaande bin ik bliid mei in frijwilligersinisjatyf lykas de Doarpskeamer. It is moai om te sjen hoe’t in ploechje trochsetters soks fan ‘e grûn krijt. Ik sjoch in plak as de Doarpskeamer as in ferriking foar Akkrum en Nes. Ik begûn al gau nei te tinken hoe’t ik sels bydrage koe oan it wolslagjen fan it projekt. Ik wit dat taal foar in soad minsken in probleem foarmet. Prate giet faak bêst, mar skriuwe, dat wurdt al dreger. Minsken hawwe der gauris wurk fan om in tekst in bytsje knap op papier te krijen. En dan haw ik it noch net iens oer de d’s en de t’s.’’
Om’t ik my sels aardich rêde kin mei taal, ik haw Ingelsk en Frysk studearre oan ‘e Universiteit fan Utert, betocht ik dat ik myn kennis ynsette kinne soe foar lju dy’t sels net sa goed yn taal (Nederlânsk en Frysk) binne. Troch dat yn ‘e Doarpskeamer te dwaan, help ik ek mei om dy ta in bekend(er) plak yn Akkrum te meitsjen.
Wêrom yn Akkrum? Binne der op oare plakken yn ’e provinsje of Nederlân ek sokke sprekoeren?
Yn Akkrum om’t ik Akkrumer bin. Ik wit net fan oare sprekoeren, mar der binne wol organisaasjes lykas Humanitas, dy’t minsken helpe, ûnder oare mei taal foar minsken út oare lannen. Sels haw ik ek as taalfrijwilliger by Humanitas wurke.
Jo hawwe by de Fryske Akademy wurke. Wat diene jo dêr krekt?
Fan 1985 oant myn pensjoen yn 2014 ha ik by de Fryske Akademy oan it wurk west as leksikograaf, dat is in djoer wurd foar ‘wurdboekskriuwer’. Dêrnjonken haw ik wurke oan Taalweb.frl, dêr’t û.o. alle Fryske wurdboeken fergees beskikber binne. Taalweb wurdt meikoarten offisjeel ferfong troch frysker.nl, mar dat is no ek al te brûken. Op frysker.nl is û.o. in treflike automatyske oersetter Frysk-Nederlânsk en Nederlânsk-Frysk te finen, en in goeie staveringshifker (spell-checker).
Hokker ûnderwurpen kinne de minsken mei oankomme. Helpe jo bygelyks ek by it skriuwen fan in brief?
Yn prinsipe kinne de minsken komme mei alles dat mei taal te krijen hat. Ik sjoch sollisitaasjebrieven nei, en ik help by it skriuwen fan brieven oan ynstânsjes. Dat lêste hinget wol ôf fan myn eigen kompetinsje, fansels, ik moat it sels ek snappe. En it is beslist net sa dat ik in soarte fan sosjaal riedsman bin dy’t de lju mei allerhanne problemen helpt. Ik help se mei it op papier krijen fan wat oft se yn ‘e holle hawwe, en dat is it. De ferantwurdlikheid bliuwt by de minsken sels. Fierder kinne minsken delkomme dy’t bygelyks in brief fan in soarchfersekerder of fan ‘e gemeente net rjocht snappe.
It kin ek wêze dat immen no einlings ris presys witte wol hoe’t it mei de d’s en de t’s sit.
Hoe stiet it der foar mei it Frysk yn Fryslân?
De measte Friezen binne analfabeet yn har eigen taal, mar dochs wolle se gauris rouadvertinsjes of houliksoankundigingen yn it Frysk hawwe, dêr kin ik ek by helpe. Yn ‘e Ljouwerter Krante sjoch ik wol ris flaters yn soksoarte advertinsjes. Dat hinderet fansels ek wer net safolle, mar it hie mei in bytsje muoite ek goed kind.
Kin elkenien op it sprekoere delkomme?
Salang’t it net om hiele lapen tekst giet, kinne stichtings en ferienings dy’t wat yn it Frysk hawwe wolle ek delkomme. En de sprekoere is net bedoeld foar kommersjele partijen.
Yn in oankundiging op Facebook stiet dat alles wat besprutsen wurdt geheim bliuwt.
‘Fertroulik’ hie faaks in better wurd west as ‘geheim’. It is wichtich dat de minsken witte dat ik neat fertelle sil oer wêr’t ik by help of oer wat oft ik ûnder eagen krij. Nimmen sil bygelyks fan my hearre dat Karel by de NS sollisitearre hat, of dat Trynke in brief fan Ziggo net snapt.
– Fries taalspreekuur
– Elke eerste en derde vrijdag van de maandag
– Van 10.00-11.00
– Doarpskeamer Akkrum/Nes, Lange Miente 5, Akkrum
– Aanmelden mag ook via de mail:
Foto: Noordoost.nl/Alex J. de Haan