Akkrum.net

Sûnt de biblioteek yn Akkrum by de skoallen ynlutsen is – op woansdei 2 april 2025, no hast in jier lyn – liene de skoalbern folle mear boeken. It tal útliene jeugdboeken naam ta mei 70 prosint en ek it tal jeugdleden groeide mei 57 prosint. Dy sterke groei hat der tagelyk foar soarge dat de fraach nei Fryske berneboeken tanimt, krekt no’t Frysk fanôf 1 augustus 2026 in ferplichte fak wurdt op alle skoallen yn Fryslân.

Om oan dy fraach te foldwaan is de kolleksje fan Bibliotheek Akkrum-Nes útwreide mei in rige nije Fryske berneboeken. Learlingen fan OBS Akkrum en de Burgemeester Thalenschool kinne dêrtroch oan ’e slach mei ûnder mear Lytse Aap fan Mies van Hout, mar ek bekende ferhalen lykas Nijntje en Stip.


Mear Fryske boeken troch groei yn útlien


De nije boeken binne oanskaft mei help fan in doarpsaksje: de Bloeiweek-gift fan 2025. Yn dy wike koene ynwenners fan Akkrum-Nes meidwaan oan aktiviteiten en sa sparje foar ferskate doelen. It oanfoljen fan de Fryske jeugd-kolleksje fan de biblioteek wie ien fan dy doelen.

De biblioteek sit yn de Brede School Akkrum, dêr’t ek beide basisskoallen fêstige binne. Dy tichte gearwurking makket dat bern makliker de wei nei de biblioteek fine om te lêzen, te learen en nije ferhalen te ûntdekken.

Frysk ek bûten de klasse
De útwreiding fan de Fryske kolleksje slút oan by de ûntwikkeling dat bern hieltyd faker boeken meinimme. Mei de nije titels kinne learlingen de Fryske taal net allinnich op skoalle, mar ek thús brûke. Sa wurdt lêzen yn it Frysk in fanselssprekkend part fan it deistich libben.

Meiwurker fan de biblioteek Annet van der Meulen is bliid mei de stipe út it doarp: ,,It is prachtich dat dizze winsk yn ’e mienskip nei foaren kaam is en dat wy dêr as biblioteek in rol yn spylje kinne. Wy binne wiis mei de nije berneboeken. Dizze winsk lit sjen dat minsken thús of by pake en beppe de Fryske taal graach trochjaan wolle oan in nije generaasje. Wy hoopje mei dizze kolleksje dat bern op in boartlike en tagonklike wize yn ’e kunde komme of bliuwe mei it Frysk.''

Foto's: Noordoost.nl/Alex J. de Haan

260314 Akkrum BredeSchool bibliotheek front 1500

Nog geen reacties.

(advertentie)