Akkrum.net

Skilderijen fan fûgelman Jan Steegstra binne op sneon 9 en snein 10 desimber 2023 yn sealesintrum De Lantearne yn Akkrum te sjen. It giet om keunstwurken, dy’t de yn maaie ferstoarne fûgelleafhawwer neilitten hat oan Fûgelwacht Akkrum/Nes.

Begjin maaie fan dit jier waard dúdlik dat de fûgelwacht Akkrum ta “enig erfgenaam” beneamd wie troch Jan Steegstra fan de Trigreppel yn Akkrum.
“It wie in iensume frije fûgel, net frjemd dat de fûgelwacht syn eigendommen kriget”, dat sei in goede kunde fan Jan Steegstra tsjin it bestjoer.

Jan Steegstra wie al jierren lang siik en hie in iensum bestean. Yn syn hûs binne in grut tal troch him makke skilderijen oantroffen. De fûgelwacht wol ynwenners fan Akkrum en omkriten graach de gelegenheid jaan om dizze wurken te besjen. Famylje en kunde fan Steegstra stelle dit tige op priis, hawwe hja witte litten, fertelt siktaris Wim van Gorkum..

Fûgelwacht Akkrum siket in plak wêr’t de skilderijen foar langere tiid hingje kinne. ,,Wy kinne ús foarstelle dat der mooglik yn iepenbiere foarsjennings yn it doarp binne wêr soks kin. As der partikulieren belangstelling hawwe, meie hja dat by it bestjoer kenber meitsje.''

Te keap
De skilderijen binne ek te keap. Minsken dy't belangstelling hawwe kinne har ynskriuwe op in list.
  • sneon 9 desimber 2023 fan 9.30 oant 16 oere
  • snein 10 desimber 2023 fan 13.00 oant 16 oere

Foto's/video: Fûgelwacht Akkrum/Nes

De fersoarchster fan Jan Steegstra kaam sneontemoarn tidens de eksposysje yn De Lantearne lâns om de skilderijen te besjen en spile in tapasselik ferske op de piano.

Nog geen reacties.

(advertentie)