Akkrum.net

Palmsnein 2023 yn Akkrum koe fan net better begjinne as mei sinne en in prachtige blauwe loft. Wat in kado nei in pear súterige dagen. Fanôf 10 oere kamen de frijwilligers binnen by grandcafé en hotel Goerres wêr Margaretha Wierda en har persoaniel de kofje al klear hienen. Nei in wurd fan wolkom troch Hans Anker en de útlis troch Egbert Rorije gong eltsenien nei harren plak. Om alve oere kamen de earste bern al oansetten mei prachtige fersierde Palmstokken.

Mei Hans Anker en Egbert Rorije as marslieders foar it korps fan Harmonie Akkrum út koe de Palmpeaskeoptocht stipt om 11.15 fan start gean. Underweis sluten harren noch mear bern, âlders, pakes en beppes, (âld-)Akkrumers en Nessers oan. Sa makken se it Akkrumer Palmpeaskeferske wer hielendal wier.

Leppehiem
'Yn optocht Kleef en de Buorren troch. Fan d' ien nei d 'oare ein. Us pake en beppe binne de hjerst. Us folk (âlders) de simmertiid. De iere maitiid binne wy (jongerein). En lyk as it foarjier bliid.'
By soarchsintrum Leppehiem sieten de bewenners allegearre al klear. It hiele plein rûn fol en waard kleurd troch prachtige Palmpeaskestokken. Under begelieding fan de Harmonie waard der mei syn allen de ferskes foar de âlderein songen. Foar frou Amarenske Haaijes-Jongedijk waard der ek songen, want sy fierde hjoed har 100ste libbensjier.

Coopersburg
Dêrnei gong it op nei Coopersburg wêr ús boargemaster Tjeerd van der Zwan foar de lêste kear syn taspraak hâlde mocht. Hy nimt yn ‘e hjerst ôfskie. It wiet in skitterend gesicht dêr by Coopersburg. Ek hjir waard wer songen . Neist de Harmonie waarden de bern no ek stipe troch de sjongers Joke Poortman, Hennie Rorije, Judith en André Tanis. Sy wienen ôfrûne wike ek al op skoalle west om de ferskes mei in groep bern te oefenjen.

Lekkers
Nei Coopersburg gong de optocht wer op wei nei it einpunt, grandcafé en hotel Goerres, wêr de frijwillgers al klear stienen om de pûdsjes mei lekkers en in lyts kadootsje oan de bern út te dielen. Al mei al wienen der hast sa 'n 200 bern!

Neiprate
It feest wie noch net foarby, dat gong nei de optocht noch troch yn Goerres. Hjir koe eltsenien efkes neiprate, mar ek genietsje fan in moaie foto eksposysje oer Palmpeaske fan lang lyn oant no ta. Al mei al kinne we op in tige slagge Palmpeaske optocht werom sjen. Mei grutte tank oan alle frijwilligers!

Tekst Nynke Bergsma
Foto’s: Paul Hettinga en gemeente Heerenveen

- GrootHeerenveen.nl: ,,Palmpasen zorg voor verbinding’’

- Friesch Dagblad: ,,Akkrum maakt zich op voor Palmpasen’’

Vier generaties in de optocht
Een bijzonder moment voor de familie Nijdam uit Akkrum. Ze liepen Palmzondag met vier generaties mee in de optocht. Pake Anne Nijdam en Beppe Freerkje Nijdam uit Akkrum hadden dochter Sabina Nijdam op bezoek,. Haar dochter Amarens Poelstra was met haar kinderen Jelte (2,5 jaar) en Lars Rispens (5 weken jong) er bij. Gezamenlijk liepen ze mee, net als vroeger.

Afscheidscadeau voor scheidende burgemeester

Burgemeester Tjeerd van der Zwan kreeg tijdens de Akkrumer Palmpasenoptocht uit handen van stichting Akkrum/Nes Centraal en stifting Akkrum Ald en Nij een fotocollage overhandigd,omdat hij op Palmzondag 2023 de laatste keer als burgemeester van Heerenveen aanwezig was.

230402 Akkrum Palmpasenoptocht burgemeester 1000

230402 AKkrum Palmpasenoptocht Harmonie 1000

230402 Akkrum Palmpasenoptocht c gemeenteHeerenveen

 

 

 

 

 

 

 

 

Nog geen reacties.

(advertentie)