Sake P. Roodbergen út Akkrum hat woansdei 24 maaie 2023 syn nijste natoergids oer spinnen, wantsen en sweefmiggen oan wethâlder Gerrie Rozema fan It Hearrenfean oanbean. Fan elk fan dy trije bistjes beskriuwt der fyftich ferskillende soarten. It is de achtste Frysktalige gids fan de âld-ûnderwizer oan de mulo en mafû yn Akkrum, dêr’t Ingelsk en biology joech.
Wethâlder Rozema sei by de oerlanging dat ,,natoergidsen as dizze stik foar stik moai binne. It ûnderwerp ‘spinnen, wantsen en sweefmiggen’ jout by in soad minsken in ‘iew!’ reaksje, mar de foto’s binne geweldich en it is ek bysûnder dat mei troch de boeken fan Roodbergen âldfryske nammen bliuwe en nijsgjirrich binne om mear oer te lêzen.''
Foar it meitsjen fan de gids hat de skriuwer de help ynroppen fan saakkundigen: foar de spinnen wie dat Peter Koomen fan it Frysk Natuermuseum, foar de wantsen Berend Aukema en foar de sweefmiggen Wouter van Steenis. De lêstneamden fan it bioferskaatsintrum Naturalis yn Leiden. Dêr is ek de determinaasje-app Obsidentify ûntwikkele, bedoeld om maklik lytse bistjes en planten op namme te bringen.
Yn de nije natoergids wurde de wichtichste saken oer de trije groepen fan saneamde lidpoatigen beskreaun. Dêrnei folgje fyftich soartbeskriuwingen fan elk fan de trije groepen lytse bistjes. Yn in yndeks efteryn steane alle nammen, de Fryske, de Hollânske en de wittenskiplike. By elke groep wurdt in tal boeken neamd mei mear ynformaasje oer de soarten.
De earste gids makke Sake Roodbergen yn 2005 en giet oer fûgels en krige dy titel ek. Dy gids waard troch It Fryske Gea by gelegenheid fan syn 75-jierrich bestean yn de ledewerfkampanje brûkt. Yn 2013 folge Blommen, oer wylde planten yn ús omjouwing. Yn de jierren dêrnei kamen noch fiif fan sokke gidsen út, oer deiflinters en libellen, nachtflinters, poddestuollen, kevers en beammen
Foto's: gemeente Heerenveen