Akkrum.net

It Akkrumer Dreamteater spilet op freed 11 maart 2022 foar de lêste kear harren súksesstik ‘Doazen’, it oangripende ferhaal fan seis susters mei harren griene en blauwe badjassen yn de sauna. Oardel jier lang koene se om de coronapandemy net spylje. Eardere foarstellings yn Akkrum en Terherne wiene folslein útferkocht. De allerlêste útfiering is yn teater De Skâns op ‘e Gerdyk.

,,De spylsters en alle oare frijwilligers hawwe der wer wakker sin yn’’, fertelt Anneke Wiersma, dy’t sels meispilet en it stik ek skreaun hat. De froulju binne mominteel drok oan ‘t repetearen. Yn de winter van 2020 spylden se de tragi-komeedzje acht kear foar útferkochte sealen. Ek foar ôfdielings fan ‘e Fryske Krite yn hiel Nederlân hat It Akkrumer Dreamteater mei Doazen spile.

It Frysktalige stik ‘Doazen’ is de opfolger van it like súksesfolle ‘Mutsen’. Yn ‘e winter van 2018-2019 gongen de seis froulju mei regiseusse Margreet Boer al ymprovisearjend oan de slach. De seis susters wurde spile troch Anneke Wiersma, Yteke van der Wal, Nynke Bosma, Joke Poortman, Nynke Bergsma en Hennie Rorije.

Foto: Noordoost.nl/Alex J. de Haan

Videocompilatie: Anneke Wiersma

Er is één reactie:

(advertentie)