Akkrum.net

It sil heve! Doazen kin wer los
It sil heve! Doazen kin wer los
Nei 8 kear foar útferkochte sealen yn de winter fan 2020 te spyljen kinne wy, nei in ûnderbrekking fan 1,5 jier, wer op’e planken mei opnij it stik Doazen.‘DOAZEN’ giet oer 6 susters, dy’t al hiel wat mei elkoar belibbe hawwe en noch belibje sille.Yn ‘DOAZEN’ sjogge we it ‘gewoane’ deistige famylje-libben yn al syn fasetten: âld sear, ôfgeunst, wille, leafde, proaste, mar boppe alles soarch foar en ferbûnens mei elkoar.De susters, spile troch Hennie, Joke, Anneke, Nynke, Yteke en Nynke, komme elkoar én harren sels gauris tsjin yn dizze prachtige tragy-komeedzje.Nei de Try-out sille we op tournee nei de Fryske Krite fan Hoarn op 30 oktober, de Fryske Krite fan Seist op 6 novimber, De Skâns Gerdyk op 11 maart & de Fryske Krite fan Meppel 19 maart.  

Wêr: De Buorkerij Terherne
Tiid: 20 oere
Kaarten: Bakkerij Boonstra Akkrum
Priis: € 10
Konform de maatregels fan it RIVM by tagong graach de Corona-Check sjen litte

Nog geen reacties.

(advertentie)