Akkrum.net

De FNP-fraksje fan gemeente It Hearrenfean hat it kolleezje frege om dúdlikens te jaan oer it hanthavenjen fan de regels by sylskoalle Pean yn Nes. De partij krige nei it fêststellen fan it bestimmingsplan Nes–Pean 1 op ‘e nij klachten oer oerlêst en wol wis wêze dat der goed tafersjoch is.

Fraksjefoarsitter Ate Eijer jout oan dat it ynstimmen mei it bestimmingsplan yn april gjin maklik beslút wie. “Wy woene de ûndernimmers fan Pean in bepaalde frijheid biede, mar hiene ek soarch oer de oerlêst foar de omwenners en de ynfloed op de natuer troch de drokte dy’t Pean meibringt,” sa seit er.

Neffens de FNP is mei it nije plan foar it earst dúdlik fêstlein wat der wol en net tastien is op dizze lokaasje. “Dat wie earder net sa, wêrtroch Pean yn de praktyk in soad romte hie. No binne der dúdlike grinzen. Mar dy moatte dan ek hanthavene wurde – dat is foar ús in kaai.”

Nei’t der nei it fêststellen fan it plan dochs wer klachten binnenkamen, hat de FNP it kolleezje frege om de ried op ‘e hichte te hâlden fan it hanthaveningstrajekt.

Oer de krityk dat omwenners net genôch heard binne, is Eijer dúdlik: “Wy binne it dêr net mei iens. Neffens ús binne omwenners wol belutsen wurden – yn elts gefal troch ús as FNP. Wy hawwe mear as ien kear oerlis hân mei sawol de beswiermakkers as mei de minsken fan Pean.”

“It is spitich dat net elkenien tefreden is oer it beslút, mar dat is wol hoe’t demokrasy wurket. No’t it beslút naam is, moatte wy as ried ús tafallende rol oppakke en kontrolearje oft der goed hanthavene wurdt. Dêrom ek ús fragen oan it kolleezje.”

Foto's: Noordoost.nl/Alex J. de Haan

Nog geen reacties.

(advertentie)