Akkrum.net

Natuerman Sake Roodbergen út Akkrum hat de jierlikse priis ‘Fear yn ‘e Broek’ fan de Ried fan de Fryske Beweging krigen. Reden is dat ,,hy him al jierren tige fertsjinstlik makket troch alles wat de floara en fauna yn Fryslân te bieden hat mei grutte saakkundichheid op tagonklike wize yn Frysktalige natuergidsen en oare publikaasjes fêst te lizzen’’, ljochtte foarsitter Sjirk Eildert Bruinsma fan de Ried ta.

,,Syn ynteresse yn en leafde foar sawol de Fryske taal as de Fryske natuer makken dat Sake Roodbergen meidie yn provinsjale wurkgroepen, dy't ûnder auspysjes fan de Fryske Akademy de Fryske nammen foar groepen fan organismen op 'e nij feststelden, lykas fan fûgels, fisken en wylde floara. Yn it ramt fan dat hiele proses begûn er oan de produksje fan in lange rige tige populêre Frysktalige natuergidsen, Dêr binne yntusken acht fan ferskynd en it doel is om de tsien fol te meitsjen, fan nûmer ien Fûgels oant en mei nûmer tsien Orchideeën.

Njonken dy populère natuergidsen binne der oer de Fryske natuer yn ferskate media bydragen fan syn hân yn it Frysk ferskynd en hat er ûnder oaren meiwurke oan de skoaltelefyzjesearje Sybe Satellyt en de Frysktalige app Fauna in Fryslân.

Foto/illustraasje: Ried fan de Fryske Beweging/bewurking eftergrûn Noordoost.nl

Nog geen reacties.

(advertentie)