Nei ôfrin fan de teaterkuier Kaai yn Akkrum op sneon 12 april 2025 is oan Paul van Sminia en Sjerp de Vries it boekje ‘Oarloch en Ferset yn Akkrum en Omkriten’ offisjeel oerlange. Sy binne de pakesizzers fan boargemaster Paul van Sminia en fersetsman Sjerp de Vries. De boargemaster befrijde yn 1944 Sjerp de Vries út de plysjesel yn it gemeentehûs fan Akkrum. Hy waard dernei oppakt troch de Dútsers en offierd nei in konsintraasjekamp. Boargemaster Van Sminia oerlibbe dit net.
De pakesizzers wiene der op útnoeging fan de Stifting Akkrum Ald & Nij, dy’t it boekwurkje fiif jier lyn útbrocht en it no offisjeel oan de famylje oanbiede woe. Yn it boekwurkje is it ferhaal oer Van Sminia en De Vries opnommen, tegearre mei in tal oare skiednissen út de oarloch. De ferhalen ha de basis foarme foar de teaterkuier Kaai. De titel fan it stik komt út de tekst op it Van Sminia-bankje by de Terptsjerke yn Akkrum, dat troch byldzjend keunster Ids Willemsma makke is. “De kaai nei de frijheid wie de skoattel op it libben” - Yn in frije oersetting: "De sleutel die de deur naar de vrijheid voor de een opende, sloot de deur van het leven van de ander af.''
Konfrontaasje
Nei tachtich jier wie it foar it earst dat it neiteam fan beide fersetsminsken inoar moete. Ek dat makke de noadige emoasjes los, Hjir waard it ferhaal ferteld dêr’t thús faak net oer praat is. Minsken dy’t yn it ferset sieten, koenen of woenen dêr letter meastal net oer prate. No wie it suver noch in konfrontaasje mei in stikje wurkelikheid dat lang ferburgen bleaun wie.
Tekst op it Van Sminia-bankje by de Terptsjerke yn Akkrum fan Ids Willemsma:
De kaai nei de frijheid wie de skoattel op it libben
De teaterkuier waard sa goed troch Dreamteater Akkrum spile, dat it ferhaal by de taskôgers begûn te libjen. It ferset, de arrestaasje, de útbraak, it ferried, de twifel, alles kaam oan bar. It wie net allinne yndrukwekkend, it makke emoasjes los. Der rûchelen triennen, de taskôgers wiene wier oandien.
Fertrouwen
Hiel treffend wie, dat as reade tried troch alle stikken hinne telkens wer de fraach him foardie: Binne jo wol te fertrouwen. Mei hieltiid de ferwizing nei it ferried troch plysje Bergsma. En dat dat net altiid sa is, is yn dit ferhaal wol dúdlik wurden. Dat kostte Van Sminia syn libben.
Etalaazje Memorial Museum 40-45
Underweis koene de dielnimmers oan de kuier yn de etalaazjes fan wenningynrjochter Cor Oosterhoff noch in útstalling sjen fan in tal saken út it Memorial Museum 40–45 te Aldeboarn. Dit allegearre wie moai ynkadere yn de 80 jier-betinking fan 4 en 5 maaie yn 2025. Wa hie dat fiif jier lyn betinke kinnen dat der sok moais en goeds ûntstean soe út sa’n dreech ferhaal yn in gearwurking tusken Dreamteater Akkrum, Stichting Akkrum-Nes Centraal, 4 mei-comité Akkrum-Aldeboarn en Stifting Akkrum Ald & Nij.
Foto's: Pier van der Heide/Dreamteater Akkrum
De pakesizzers en nammegenoaten fan Sjerp de Vries en Paul van Sminia besjogge oandachtich it boekje oer de oarloch yn Akkrum.
Bern en bernsbern fan Boargemaster Van Smina en fersetsman Sjerp de Vries
Famylje fan fersetsman Sjerp de Vries op 'e foto mei Hielke Hijlkema, de spiler fan de rol fan harren heit, pake en oerpake.
Jan Eijzenga fan Stifting Akkrum Ald en Nie oerlanget it boekje oer de oarloch yn Akkrum. Op 'e achtergrûn bern op it bed yn 'e sel fan harren oerpake Sjerp de Vries